Orthodontiepraktijk Leeuwarden

Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Wolkom op de webside fan de Ljouwerter Ortodontsypraktyk

Foto Leeuwarder Courant; Fotograaf: Siep van Lingen


NL vlag

De website van Orthodontiepraktijk Leeuwarden is er uiteraard ook in het Nederlands.

 


De webside fan ús praktyk no ek yn it Frysk

Mei troch stipe fan de provinsje Fryslân is ús webside no ek yn it Frysk beskikber. De teksten binne ferfryske troch Eelke Wiegersma fan Prisma Media, dy ek de filmkes makke hat.

Youtube filmke oer ús ortodontsypraktyk

Algemien YouTube filmke oer ús praktyk



Nije tariven yn 2012

Edith SchippersYn 2012 begjinne wy op oanwizen fan minister Edith Schippers in eksperimint fan trije jier mei de frije merk foar tosksoarch. It moat efkes wenne om’t der ferskate saken tagelyk feroarje. Wy meie no foar it earst ús eigen tariven fêststelle, mar hawwe tagelyk te krijen mei it feit dat likernôch alle soarchfersekerders foar alle tariven al in maksimum oan fergoedings fêststeld hawwe, dy’t by de ferskillende fersekerders ûnderling ferskillend binne. Boppedat hawwe wij fan no ôf net mear te krijen mei de taryf-omskriuwings fan de lêste tweintich jier, mar mei in folslein nije taryf-omskriuwing dêr ’t praat wurdt oer sân ferskillende beugels ynstee fan trije. De administraasjesoftware fan ús praktyk moat ek folslein oanpast wurde oan it nije taryfsysteem.


Us aktuele tariven foar 2012 binne hjir te lêzen.

Us kar is ortodonsy foar de jongerein sa breed as mooglik berikber te hâlden. By de tariven foar bern, hawwe wij in reële skating makke fan de technykkosten. Foar de kosten ynklusyf de technykkosten likegoed as foar de kosten eksklusyf de technykkosten. Foar folwoeksenen fan 22 jier ôf jilde oer it generaal wat hegere tariven; soks hâldt ek ferbân mei de ekstra oandacht dy’t dat soarte fan behannelings fergje. Yn de Feriene Steaten hawwe se al hiel lang ûnderfining mei de frije merk yn ortodonsy en stevige konkurinsje. Ek dêr lizze de tariven foar folwoeksenen justjes heger as dy foar bern. Wy fine soks reëel en folgje dy line (lijn). Wy sille alle prikken yn it wurk stelle ús tariven oanslute te litten by de fergoedings fan ús regionale soarchfersekerder De Friesland, om’t de measte fan ús pasjinten dêr harren soarchfersekering hawwe. Ortodonsy is by dy fersekerder ek goed te fersekerjen: foar de AV Gezin jild in dekking fan € 2.250,- foar ortodonsy (oant 22 jier) en dat is oer it generaal genôch foar hast al ús behannelings.


Nije ortodontist op de freed yn ús praktyk

orthodontist Zachie Fourie
Dr. Zachie Fourie, ortodontist, hat syn stúdzje toskhielkunde oan de Universiteit fan Pretoria, Súd Afrika ôfrûne (dien makke) yn 2001. Dêrnei hat er as toskedokter ûnder oaren yn Londen, Rotterdam en Grins wurke.

Wylst er wurksum wie as toskedokter yn Grins, wie er ek as parttime ûndersiker ferbûn oan ‘e ôfdieling Ortodonsy fan it U.M.C.G. sadwaande wie er yn ‘e gelegenheid syn ynteresse en passy foar it fak ortodonsy útoefenje te kinnen. Dêrnei hat er fan 2007 oant 2011 de spesjaliste-oplieding ta ortodontist oan it U.M.C.G dien (folge). Yn deselde snuorje hat er syn promoasje-ûndersyk oan it U.M.C.G útfierd en hat er yn septimber 2011 syn proefskrift mei súkses ferdigene.

Sûnt septimber 2011 is er wurksum as ortodontist yn it U.M.C.G en yn ortodonsypraktiken yn Grins en Hoarn. Fan jannewaris 2012 ôf sil hij freeds by ús yn de praktyk wurkje as opfolger fan ortodontist Huib Berghauser Pont.

 

 

It earste Nederlânske Kwaliteitskeurmerk fan de Feriening fan Ortodontisten


CDA Twadde Keamerlid Margreeth Smilde brocht op moandei 9 Maaie in wurkbesite oan Ortodontsypraktyk Ljouwert. Sy wie oanwêzig by de utrikking fan it earste kwaliteitskeurmerk fan de Feriening van Ortodontisten (VvO) troch lanlik foarsitter Gerard Steenvoorden oan ús Ljouwerter praktyk.

Kwaliteitskeurmerk Vereniging van OrthodontistenFrou Smilde wie oanwêzich by de behandeling fan in oantal pasjinten mei in bûgel en spruts mei harren oer hun underfinings. Fjirder liet sy sich troch Daniël van der Meulen wiidweidich ynformearje oer de aktuele ûntjouwings op it mêd fan de sûnenssoarch troch toskedokters en binammen op it mêd fan de ortodontsy. De wichtichtste feroaring is it plan fan minister Edith Schippers fan Folsksûnens om mei yngong fon 2012 as in proef foar trije jier de tariven frij te jaen foar toskedokters en ortodontisten om de pasjint mear keuzefrijheid te jaen en de ynnovaasje te befoarderjen.

De minister stelt as betingst foar de frije tariven dat de pasjint de ferskeidene soarchoanbieders mei inoar fergelykje kin. It kwaliteitskeurmerk fan de Feriening fan Ortodontisten kin de pasjint helpe om te kiezen foar in soarchoanbieder dy't oan de kwaliteitseasken fan de VvO foldocht.

Ein juni hat de Twadde Keamer yndie beslúten dat it eksperimint mei de frije tariven troch giet.

 


In byld fan ús praktyk
Angela aan het werk
Fotograaf: Martin Rijpstra    Mear foto's fan ús praktyk troch fotograaf Martin Rijpstra

Fan jannewaris 2004 ôf kinne jo op dizze webside terjocht foar ynformaasje oer ortodontyske behannelings yn it algemien en oer Orthodontiepraktijk Leeuwarden yn it bysûnder.
Us praktyk is festige yn it sintrum fan Ljouwert, al 500 jier de haadstêd fan Fryslân. It fersoargingsgebiet fan ús praktyk rint yn grutte halen fan Frjentsjer oant Hurdegaryp en fan Akkrum oant Amelân.

De praktyk is yn 1966 úteinset oan de Drúfstreek, yn 1979 ferhuze nei it hjoeddeistige pân oan de Skrâns en yn 2003 totaal fernijd.
De Ljouwerter praktyk bestiet no dus al mear as 43 jier!

De ortodontist B.D. van der Meulen stiet mei in grut team tige betûfte orto-assistinten foar jo klear.

Graach oant sjen yn ús praktyk!

 

Is een bûgel nedich?