Oer ús praktyk
Rûtebeskriuwing
Us praktyk is festige yn it sintrum fan Ljouwert. Al rom 30 jier oan de Skrâns 57-59, 8932 NB. Luchtfoto fan de Skrâns.
Dit is op kuierôfstân fan it treinstasjon, dus ek mei it iepenbier ferfier prima te berikken. It meast geskikte parkearplak is it Sixmaplein. Jo berikke dit parkearplein troch fan de Oostergowei ôf de Hoekemastrjitte yn te riden (dit is njonken it gebou fan ‘e Leeuwarder Courant) en dêrnei linksôf te slaan. (rûteplanner).

De Schrans is een smûke winkelstjitte en leit tsjin it centrum fan Ljouwert oan.
Sa is de op ien nei bêste banketbakker fan Nederlân ús oerbuorman: Nijstad.
Wy ha in fytsenstalling en in bushalte foar de doar. Foar de histoarje fan ‘e Skrâns klikke jo hjir.
Youtube filmpje oer ús praktyk (NL)
Tillefoan en e-mail
Jo kinne ús belje foar it meitsjen fan ôfspraken op tillefoannûmer (058) 28 87 555. Wy ha fjouwer tillefoanlinen ta ús beskikking, beminske troch twa of trije resepsjonistes, mar soms (fral foar en nei skoalfakânsjes) binne dy drok beset. Wy rekkenje op jo begryp hjirfoar. It bêste kinne jo ús belje tusken 9 en 12 oere.
Jo kinne ús resepsjonistes ek per e-mail berikke op it e-mailadres: receptie@orthodontiepraktijk.nl
Der is gjin tillefoanysk sprekoere. Jo kinne as âlder/fersoarger dus net de beugeltoskedokter tillefoanysk fragen stelle oer de fuortgong fan ‘e behanneling. Mochten jo fragen ha, dan is it ferstannich om by de folgjende kontrôle mei jo pupil mei te gean.
Praktykregels
Foar in effisjinte en ordintelike praktykfiering jilde yn ús praktyk bepaalde praktijkregels. At jo jo by ús behannelje litte, geane jo automatysk akkoard mei dizze regels.
Jo kinne se hjirre lêze. Jo kinne se ek lêze op it meidielingenboerd yn ús wachtkeamer.
Meitsje gebrûk fan ús ekspertise en doch jo foardiel mei ús enoarme ûnderfining.
Utsein de twa spesjalisearre ortodontisten wurkje er noch folle mear minsken yn ús ortodontsypraktyk. In trijetal resepsjonistes en trettjin ortodontsy-toskedoktersassistinten-plus. In soad mei in al jierrenlange ûnderfining, guon ha sels al mear as 25 jier ûnderfining!. Mei-inoar is it tal jierren oan ûnderfining yn ús team gâns mear as 200 jier. Yn in effisjinte taakferdieling arbeidet dit ortho-team mei-inoar op om jo sa goed mooglik fan tsjinst wêze te kinnen. Wy binne sûnt 6 desimber 2004 in erkend
learbedriuw foar toskedoktersassistinten.
Fierder wurkje er trije yn ortodontsy spesjalisearre tosktechnyske laboratoariatosktechnisi oan it meitsjen fan de gipsen gebitsmodellen en de útnimbere (losse) beugels dy’t wy brûke.
Iepeningstiden
Onze praktijk is geopend van maandag tot en met vrijdag.
| sprekoere | maandei | tiisdei | woansdei | tongersdei | freed |
|---|---|---|---|---|---|
| moarns | 8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
| middeis | 13:30
- 17:15 |
13:30
- 17:15 |
13:30
- 17:15 |
13:30
- 17:15 |
13:15 - 17:00* |
*Op freedtemiddeis binne ek de osteotomy en skisissprekoeren. Dizze binne yn it MCL.
Skiednis

Orthodontiepraktijk Leeuwarden bestiet al sûnt 1966.
Wolle jo mear witte oer de skiednis fan ús praktyk en fan ‘e skiednis fan De Skrâns, dan kinne jo sjen op de side Fierdere ynformaasje
Us praktyk en it ynterieur
Ortodontsypraktyk Ljouwert is yn 2003 foarmjûn troch ynterieurarsjitekt Bart Vos fan Maupertuus
yn Grins yn gearwurkink mei arsjitekt Alex Wooning. De 
bouwer wie BBF Bouwbedrijf Friesland (tsjinwurdich Heijmans). De technyk waard fersoarge troch Stork Worksphere Leeuwarden (tsjinwurdich Strukton). De ynterieurbouwer wie Octo-Plus
út Grou. De glêzen wanden en skodoarren binne levere troch Steinfort Glasindustrie út Frentsjer. t plafond út 1926 yn ‘e wachtkeamer is restaurearre troch masterskilder Jilt Heidstra. De boubegelieding waard fersoarge troch boukundich adfiseur
Hessel Hoekstra út Ljouwert. Op freed 17 desimber 2004 is de praktyk feestlik iepene troch professor C. Booy, ortodontist. Hy hat dêrby in lêzing holden oer de skiednis fan 'e ortodontsy yn Fryslân.
Hússtyl
It logo en de hússtyl fan ús praktyk binne ûntworpen troch foarmjouwer Gert Jan Slagter út Grins, yn 2001 en 2002 bekroand foarmjouwer, artikel Leeuwarder Courant april 2002.

Keunst
Us praktyk wurdt opfleurd troch fleurige en kleurrike skilderijen fan keunstneres Doet Boersma.
Sy is keunstskilder en ek ús oerbuorfrou. Har atelier is festige yn it Frysk Skildershûs
oan 'e Skrâns yn Ljouwert.
Fakverienings
Us beugeltoskedokters binne ûnder oaren lid fan ‘e folgjende fakferieningen:
de Nederlandse Maatschappij tot bevordering der Tandheelkunde,NMT
de Nederlandse Vereniging voor Orthodontische Studie, NVOS
de Vereniging voor Orthodontisten VvO,
de ynternasjonale ortodontisten stúdzjeklup DOQUAS
de European Orthodontic Society, EOS

Foto Leeuwarder Courant; Fotograaf: Siep van Lingen; Soarchbylage Leeuwarder Courant 26 novimber 2005
KvK
Orthodontiepraktijk Leeuwarden B.V. is statutêr festige yn Ljouwert en is ynskreaun yn it hannelsregister yn Ljouwert ûnder nûmer 01118327.


B.D. van der Meulen