Orthodontiepraktijk Leeuwarden

Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Wat kostet it?

Wat kostet in ortodontyske behanneling?


In ortodontyske behanneling kostet yn trochsnee ûngefear € 2.250. Jo ûntfange, nei it earste consult, en foardat de behanneling útein set, in begrutting. Hjiryn stiet oanjûn hoe’t de kosten oer de behanneling ferspraat yn rekken brocht wurde. De earste besite oan de beugeltoskedokter is net fergees, it kostet €19,47. Us praktykregels binne hjir
te lêzen. At jo by ús in ôfspraak meitsje, geane jo dermei akkoard mei ús praktykregels.

 

Frij taryf yn 2012

minister Edith Schippers Yn 2012 begjinne wy op oanwizen fan minister
Edith Schippers in eksperimint fan trije jier mei de frije merk foar tosksoarch. It moat efkes wenne om’t der ferskate saken tagelyk feroarje. Wy meie no foar it earst ús eigen tariven fêststelle, mar hawwe tagelyk te krijen mei it feit dat likernôch alle soarchfersekerders foar alle tariven al in maksimum oan fergoedings fêststeld hawwe, dy’t by de ferskillende fersekerders ûnderling ferskillend binne. Boppedat hawwe wij fan no ôf net mear te krijen mei de taryf-omskriuwings fan de lêste tweintich (20) jier, mar mei in folslein nije taryf-omskriuwing dêr ’t praat wurdt oer sân ferskillende beugels ynstee fan trije. De administraasjesoftware fan ús praktyk moat ek folslein oanpast wurde oan it nije taryfsysteem.

Us aktuele tariven foar 2012 binne hjir te lêzen.

Us kar is ortodonsy foar de jongerein sa breed as mooglik berikber te hâlden. By de tariven foar bern, hawwe wij in reële skating makke fan de technykkosten. Foar de kosten ynklusyf de technykkosten likegoed as foar de kosten eksklusyf de technykkosten. Foar folwoeksenen fan 22 jier ôf jilde oer it generaal wat hegere tariven; soks hâldt ek ferbân mei de ekstra oandacht dy’t dat soarte fan behannelings fergje. Yn de Feriene Steaten hawwe se al hiel lang ûnderfining mei de frije merk yn ortodonsy en stevige konkurinsje. Ek dêr lizze de tariven foar folwoeksenen justjes heger as dy foar bern. Wy fine soks reëel en folgje dy line (lijn). Wy sille alle prikken yn it wurk stelle ús tariven oanslute te litten by de fergoedings fan ús regionale soarchfersekerder De Friesland, om’t de measte fan ús pasjinten dêr harren soarchfersekering hawwe. Ortodonsy is by dy fersekerder ek goed te fersekerjen: foar de AV Gezin jild in dekking fan € 2.250,- foar ortodonsy (oant 22 jier) en dat is oer it generaal genôch foar hast al ús behannelings


Wat fergoedet de fersekering?
In soad fersekerders fergoedzje foar bern 75-80% fan dizze kosten út de oanfoljende fersekering. Wy hawwe in oersicht makke fan de fergoedings troch de wichtichste soarchfersekerders. Allinnich yn tige útsûnderlike gefallen, lykas skisis (hazzelippe), wurdt 100% fan de kosten fergoede út de basisfersekering.
In ‘medyske yndikaasje’ foar folwoeksenen jildt allinnich yn in hiel beheind tal gefallen, omdat de kriteria
dy’t de soarchfersekerders dêrfoar hanteare tige strang binne. Folwoeksenen kinne by guon soarchfersekerders in goeie dekking foar ortodontsy fersekerje. As jo soarchfersekerer  de IOTN ('the Index of Orthodontic Treatment Need') 4 of 5 score easket foar in fergoeding, dan kinne jo dy hjir lêze.

Eartiids wie in beugel djoer. Is dat noch altyd sa?
At wy wat werom geane yn ‘e tiid, doe’t de heiten en memmen fan no in beugel hienen, dan wie in ortodontyske behanneling yn ferhâlding folle djoerder. "Jo kinne der in auto fan keapje", waard faak ferteld. Dat wie eartiids suver ek sa.
Meisje met vaste apparatuurIn ortodontyske behanneling mei fêste apparatuer (‘slotsjes-beugel’) kostte 30 jier lyn sa’n f6.000 – f7.000. Soe de ynflaasje folge wêze oer de jierren, dan wie dat bedrach no €8.200.


Mar omdat ús sterk ferbettere effisjinsje (troch it wurkjen op meardere stuollen en it delegearjen oan hulpkrachten) trochjûn is oan ús klanten, kostet dyselde behanneling no €2.250. En dat mei better, feiliger en nofliker materialen. En in folle bettere fersekeringsdekking, net te ferjitten.
De Nederlânske ortodontsytariven hearre by de leechste fan Europa. Yn de Ferienigde Steaten kostet in behanneling foar in bern $5.000 - $6.000 en foar in folwoeksene $6.000 - $7.000 en dat by in frije merk en in ortodontisten-tichtens fan 1 ortodontist op 20.000 ynwenners. Yn ús buorlân Dútslân kostet in ortodontyske behanneling sirka €6.000. Dêrby fergeleken is ortodontsy yn Nederlân tsjinwurdich net djoer mear en mei tank oan de goeie fersekerberheid prima berikber foar eltsenien.

 

Jo en jo nota fan de ortodontsypraktyk
Omdat wy yn ús praktyk leaver mei jo as mei ús finansjele administraasje dwaande binne, ha wy al ús foarderings oerdroegen oan oan DFA service B.V. yn Zwolle. Dit bedriuw is spesjalisearre yn it fakturearjen en barren fan deklaraasjes. Foar jo betsjut dit dat jo ús nota ûtfange fan DFA. DFA ferstjoert ús rekkens en sil him ek beleste mei it barren derfan. Wy moatte DFA ynljochtingen jaan dy’t nedich binne foar in korrekte spesifikaasje fan de deklaraasjes. Ha jo hjir beswieren tsjin, nim dan asteblyft kontakt mei ús op. Wy lizze jo graach út dat dizze wize fan wurkjen gjin inkele ynbreuk makket op jo privacy.


NIJ: At al jo data by ús bekend binne: namme, adres, boargerservicenûmer (BSN), poalisnûmer, namme en UZOVI-koade fan jo soarchfersekerder, kin DFA de rekken earst yntsjinje by jo soarchfersekerder. Dan ûntfange jo allinnich in (rest-)nota foar de kosten dy’t net rjochtstreeks by jo soarchfersekerder deklarearre wurde kinne – of foar it persintaazje fan de rekken dat net fergoede wurdt. Dit makket it makkeliker foar jo, want dan hoege jo net mear sels it fersekerde part fan de rekken by jo soarchfersekerder te barren.

Fragen oer in rekken sille jo dus net oan ús resepsjonistes, mar oan de meiwurkers fan DFA stelle moatte; it tillefoannûmer dêrfoar is 088-6555999. Of fia de mail.

Ferhuzing. At jo ferhúzje sille, fersykje wy jo mei klam om jo adreswiziging op tiid troch te jaan oan ‘e resepsjonistes fan ‘e ortodontsypraktyk, oan jo soarchfersekerder en oan DFA. Sa komme jo ûnnedige rinte- en ynkassokosten tefoaren.

It is wichtich dat jo jo hâlde oan de betellingstermyn fan 28 dagen. DFA is wetlik ferplichte de nedige maatregels te nimmen.
By te lang útbliuwen fan de betelling of jo reaksje set Incassade Ljouwert altyd útein mei in ynkassoproseduere.
De betellingstermyn fan 28 dagen is binend, ek wannear’t de soarchfersekerder de rekken noch net oan jo fergoede hat.
In nij orizjineel fan jo rekken kinne jo by DFA oanfreegje.

At jo in nota te lang by DFA iepen stean hawwe, krije wy der berjocht fan en binne wy twongen om de behanneling út te stellen oant de betellingsachterstân ynrûn is. Dan jildt wier: 'No pay, no cure.'.

Klachten oer lette útbetelling troch soarchfersekerder
Wa’t medyske kosten deklarearret by syn soarchfersekerder, moat soms lang wachtsje op syn jild. In te lette betelling troch jo soarchfersekerder oan jo betsjut net dat jo jo net hoege te hâlden oan de betellingstermyn fan de rekken. Jo bliuwe sels ferantwurdelik foar it op tiid beteljen fan de rekken.


Betellingsbetingsten
Wy hanteare de betellingsbetingsten fan DFA service, die deponearre binne yn it hannelsregister ûnder nr. 47143. Hjirby in oersjoch fan dizze betingsten:

  • DFA service hanteert de volgende betalingsvoorwaarden:
  • De door dienstverlener/toeleverancier gedeclareerde en door DFA service in rekening gebrachte bedragen voor de dienst/het product, voortvloeiende uit de levering van de dienst/ het product aan de debiteur *, zijn direct opeisbaar.
  • De debiteur wordt geacht binnen 28 dagen na factuurdatum het volledige bedrag te hebben overgemaakt op de rekening van Stichting Beheer Derdengelden DFA service. Na deze termijn is de debiteur wettelijk in verzuim en kan DFA service, zonder verdere ingebrekestelling, de nodige maatregelen nemen om het openstaande bedrag te incasseren.
  • De debiteur is vanaf het moment van verzuim over het bedrag van de nota administratiekosten en rente verschuldigd.
  • Wanneer DFA service genoodzaakt is een onbetaald gelaten factuur ter incasso uit handen te geven aan derden is DFA service gerechtigd de te maken gerechtelijke en/of buitengerechtelijke kosten bij de debiteur in rekening te brengen. De buitengerechtelijke kosten worden berekend conform het rapport Voor-werk II van de Nederlandse Vereniging voor Rechtspraak. Deze kosten worden tezamen met de rente in rekening gebracht indien de debiteur binnen 28 dagen na notadatum niet heeft betaald.
  • Ook als tussen de dienstverlener/toeleverancier en de debiteur onenigheid bestaat over de gedeclareerde dienst/het product, is de debiteur gehouden aan de genoemde betaaltermijnen. Vanzelfsprekend zal e.e.a. achteraf gecorrigeerd worden wanneer hiertoe aanleiding is.

    * Hieronder wordt in voorkomende gevallen mede verstaan de wettelijke vertegenwoordiger van de debiteur.

    Klachten over late uitbetaling door zorgverzekeraar.

    Wie medische kosten declareert bij zijn zorgverzekeraar, moet soms lang wachten op zijn geld. Te late betaling door uw zorgverzekeraar aan u betekent niet dat u de betalingstermijn van de nota kunt overschrijden. U blijft zelf verantwoordelijk voor het tijdig betalen van de nota binnen 28 dagen.

Fierdere ynformaasje